Fynst?! Comazuipen. Drink dy te pletter!

Mmm lekker, drink dy te pletter! Net allinnich yn it wykein, mar sa no en dan ek troch de wike wurde bern tusken de 12 en 18 mei in alkoholfergiftiging yn it MCL opnommen. De gemiddelde leeftyd leit tusken de 14 en 15 jier. De measten drinke harsels yn koma. In petear mei MCL-drankdokter Tsjalling de Vries Drankdokter Tsjalling de Vries warskôget foar de ekstreme gefolgen fan alkohol foar de űntwikkeling fan dyn brein. Neffens űndersyk docht bliken dat brein al nei fiif of seis glęzen bier bliuwende skea oprint. Sűpe makket dy dommer seit de drankdokter fan it Medysk Sintrum yn Ljouwert. De measte gefallen dy’t mei in alkoholfergiftiging opnommen wurde, hawwe neist bier en wyn meastal ek sterke drank lykas whisky, tequila of miksdrankjes dronken. Gemiddeld sa’n acht oant tsien glęzen. Let op ‘e jűn of nachts wurde se kompleet fan ‘e weareld nei it MCL brocht en bliuwe dan sa’n 24 oeren oan it ynfuus. In koma duorret sa’n twa oeren. In petear mei MCL-drankdokter Tsjalling de Vries